PKN
Protestantse Gemeente Koudum
 
tsjinst 17 septimber 2017 tsjinst 17 septimber 2017

TSJINST MARTINITSJERKE KOUDUM      
---------------------------------------------------

Tema: DE FRJEMDLING HEART DER BY

Liet 84: 1, 2

Liet 84: 5, 6
 
Liet 912
 
Lêze; Jesaja 56: 1-8
 
Liet 87: 1, 3, 4  
 
Lêze; Lucas 17: 11-19
 
Liet 863: 1, 2, 5, 6
 
Liet 1010: 1, 3, 4
 
Liet 993


Jesaja 56: 1-8
1  Dit hat de Hear te sizzen:
    Stean noed foar it rjocht en doch gerjochtichheid,
    want myn heil is op kommende wei,
    en myn gerjochtichheid sil mei gauwens bliken dwaan.
2  Gelokkich de minsk dy’t dêrneffens docht,
    it minskebern dat him dêr krekt oan hâldt,
    dy’t derom tinkt en ûnthilligje de sabbat net,
    dy’t him te wacht nimt foar alle kweadwaan.
 
3  De útlanner dy’t him by de Hear jûn hat,
    moat net sizze:
    De Hear sil my foar altyd apart hâlde fan syn folk!
    en de eunúch moat net sizze:
    Ik bin neat oars as in útdroege beam!
4  Want dit hat de Hear te sizzen:
    De eunúchen dy’t myn sabbat hâlde,
    har sin derop sette om myn wil te dwaan
    en har krekt hâlde oan myn ferbûn,
5  dy jou Ik yn myn hûs en yn myn stêd
    in eareteken en in earenamme,
    en dat is mear wurdich as soannen en dochters,
    want sokken jou Ik in ivich bliuwende namme,
    ien dy’t ûnfergonklik is.
 
6  En de útlanners dy’t har by de Hear jouwe
    om Him te tsjinjen, syn namme leaf te hawwen
    en sadwaande syn tsjinners te wurden,
    ja, allegearre dy’t derom tinke en ûnthilligje de sabbat net
    en har krekt hâlde oan myn ferbûn,
7  dy bring Ik nei myn hillige berch,
    en meitsje Ik bliid yn myn hûs fan gebed.
    Har brânoffers en fleisoffers op myn alter sille wêze, sa’t Ik se hawwe wol,
    want myn hûs sil hûs fan gebed foar alle folken neamd wurde.
 
8  Dit is de godsspraak fan God de Heare
    dy’t Israels fersille folk wer byinoar bringt:
    By har dy’t Ik byinoar haw, bring Ik noch oaren.
 
 
Lucas 17: 11-19
11 Op syn tocht nei Jeruzalem reizge Jezus
     troch it grinsgebiet fan Samaria en Galiléa.
12 Doe’t Er in doarp yn gong, kamen Him dêr tsien melaatsken temjitte.
     In ein fan Him ôf bleauwen se stean
13 en rôpen lûd: Jezus, master, haw meilijen mei ús.
14 Hy seach harren oan en sei: Gean hinne, lit jimsels oan ’e prysters sjen.
     En ûnderweis waarden se suvere fan har melaatskens.
15 Doe’t ien fan harren seach, dat er wer better wie,
     kaam er werom en prize God, dat elkenien it hearre koe.
16 Hy liet him foar Jezus syn fuotten foaroer falle en betanke Him.
     En dat wie in Samaritaan.
17 Jezus sei doe: Binne der gjin tsien suvere? Wer binne de njoggen oaren?
18 Wie der oars net ien te finen, dy’t weromkaam om God te priizjen
     as allinne dizze frjemde?
19 Doe sei Er tsjin him: Kom oerein en gean jo wegen.
     Jo leauwen hat jo behâld west.
 
 

terug
 
 

werkgroep beheer
datum en tijdstip 27-09-2017 om 19:45 uur
meer details

Iepen Snein
datum en tijdstip 01-10-2017 om 9.30 uur
meer details

kerkenraad
datum en tijdstip 03-10-2017 om 19.30 uur
meer details

 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.